Dokkumer seerôversliet út 1630 dûkt op yn Londen

19 jul 2017 - 15:51

In seerôversliet út Dokkum út it jier 1630 is fia de nasjonale lietebank fan it Meertens Instituut weromfûn yn de British Library. De histoaryske tekst is opfandele troch maritym histoarikus Nykle Dykstra fan de histoaryske feriening Noardeast-Fryslân. It liet giet oer it opbringen fan in ploech kapers út Dúnkerken yn de 80-jierrige oarloch. De kapers reizgen al rôvjend by de Waadseekust del oant dat se arrestearre waarden troch twa Dokkumer kapteins. Fiif fan dy kapers binne letter ek yn Dokkum ophongen.

It liet wurdt - mei oanpaste tekst en nije meldij - ynstudearre troch de Dokkumer Admiraliteitssjongers. Dy sille it liet op 9 septimber foar it earst yn it publyk sjonge. De organisaasje fan de Admiraliteitsdagen is sa entûsjast oer de fynst dat al oer it seerôversliet praat wurdt as 'it Admiraliteitsliet'.

Nykle Dykstra is tige wiis mei de waarme ûntfangst fan syn fynst. It liet fertsjinnet dat ek, sa seit er, want it is basearre op in histoarysk gegeven. Ek de nije ferzje fan it liet folget sa folle mooglik de oarspronklike tekst. It liet is wol justjes flotter makke, want yn de 17e iuw waard it noch songen op de meldij fan in psalm. De nije ferzje fan it liet is makketroch dirigint Pieter Zuidema en sekretaris Ridzert Beetstra fan de Admiraliteitssjongers.

De histoaryske feriening sil it folsleine ferhaal oer de seerôvers publisearje yn it kommende nûmer fan tydskrift de Sneuper, dat ein augustus ferskynt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)