Tomatekweker moat meiwurkers efterstallich lean betelje

19 jul 2017 - 15:49
(fotofoarbyld) - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Tomatekweker Van der Kaaij út Berltsum moat trije meiwurkers inkelde tûzenen euro's efterstallich lean betelje. De trije sieten neffens fakbûn FNV yn in te lege skaal. It fakbûn kaam dêrtsjin yn ferwar en hat sûnt 2011 aksjefierd foar de trije meiwurkers. Troch in útspraak fan de rjochter kaam dêr in ein oan.

Trefwurden: 
tomatekweker Van der Kaaij
(Advertinsje)
(Advertinsje)