Weststellingwerf hoecht reiskosten bern net te beteljen

Justysje © Omrop Fryslân
De gemeente Weststellingwerf hoecht in echtpear mei heechbejeftige bern gjin reiskostefergoeding te jaan foar it deistich ferfier nei de spesjale basisskoalle De Akker yn Meppel. Dat hat de Ried fan Steat bepaald yn in saak dy't troch de âlden oanspand wie.
De skoalle stiet op goed 24 kilometer fan harren hûs. By in ôfstân fan 20 kilometer en mear sjocht de gemeente by it berekkenjen fan de fergoeding nei it ynkommen fan de âlden. Neffens de gemeente fertsjinje sy tefolle om rjocht te hawwen op in fergoeding en binne der gjin bysûndere omstannichheden. De Ried fan Steat giet dêr no yn mei en jout de gemeente gelyk.