Omrop Fryslân slút oerienkomst mei RTV NOF en RTV Kanaal 30

19 jul 2017 - 17:00

Omrop Fryslân en de lokale omroppen RTV NOF (Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân) en RTV kanaal 30 (Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel) hawwe woansdeitemiddei yn De Westereen in gearwurkingsoerienkomst ûndertekene. De omroppen sille tenei mei-inoar oparbeidzje by kalamiteiten, nijsûnderwerpen en eveneminten. Doel fan de gearwurking is it fan wjerskanten beheljen fan foardielen en it fersterkjen fan de sjoernalistyk yn de regio. Sa wolle de trije omroppen bygelyks ûnderwerpen en bydragen útwikselje. Ek kin gebrûk makke wurde fan inoars meiwurkers en fasiliteiten en wurdt der sjoen nei oare mooglikheden, lykas it oplieden fan meiwurkers troch Omrop Fryslân.

Kalamiteiten

In konkreet foarbyld fan de gearwurking docht him bygelyks foar by in needsituaasje. Omrop Fryslân is de kalamiteitestjoerder fan de provinsje. Tenei kin de útstjoering by kalamiteiten streekrjocht trochsetten wurde op de stjoerders fan RTV NOF en RTV kanaal 30. Ek kin yn sa’n gefal gebrûk makke wurde fan de ferslachjouwers fan beide lokale stjoerders.

Neffens haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân kin it publyk mei de bydragen fan de lokale omroppen noch better betsjinne wurde. ‘’Harren berjochtjouwing komt út it hert fan de mienskip’’, fertelt Bakker. ‘’Dêrnjonken litte wy troch gearwurking sjen dat wy as publike organisaaasje ús finânsjes sa effisjint mooglik brûke wolle.’’

‘’Krúsbestowing’’

Ek de lokale omroppen RTV NOF en RTV kanaal 30 binne entûsjast oer de gearwurking. ‘’Der binne foar ús genôch mooglikheden om in kwaliteitsslach te meitsjen en de sjoggers en harkers better te betsjinjen’’, seit bestjoersfoarsitter Lutske van der Wal fan RTV kanaal 30. ‘’De gearwurking moat soargje foar in krúsbestowing tusken de trije omroppen.’’

Foarsitter Herman de Hoop fan RTV NOF fynt it in logyske stap dat der mear mei-inoar gearwurke wurdt. ‘’Media stean op it stuit ûnder druk’’, leit er út. ‘’Mei minder middels moat mear oanbod makke wurde, dan hat it gjin doel om op ús eigen eilantsjes sitten te bliuwen.’’

Admiraliteitsdagen

Ien fan de eveneminten dy't de omroppen dizze simmer al mei-inoar dwaan sille, is it ferslach fan de Admiraliteitsdagen yn Dokkum. Dy fine dit jier plak fan 7 oant en mei 10 septimber yn it sintrum fan de âlde binnenstêd. RTV NOF docht al jierren wiidweidich ferslach fan de Admiraliteitsdagen. Troch de gearwurking sille bygelyks de konserten ek te sjen en te hearren wêze by Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)