Mear dûnslessen foar Parkinsonpasjinten mei stipe provinsje

Ek yn Drachten, It Hearrenfean, Dokkum, Boalsert, Snits en Harns wurde tenei dûnslessen foar Parkinsonpasjinten hâlden. Dat is mooglik tanksij in provinsjale subsydzje fan 60.000 euro. Oant no ta waarden de lessen allinnich yn Ljouwert hâlden. Dêr wiene achttjin dielnimmers.

De dûnslessen binne in inisjatyf fan de Stichting Parkinson yn beweging. In dûnslearaar en in fysioterapeut hawwe de lessen tegearre ûntwikkele. Undersyk hat útwiisd dat de pasjinten har troch it dûnsjen better fiele. No't de lessen op mear plakken jûn wurde, binne ekstra dosinten nedich. Dy krije dêrom earst in spesjale training.