Oanplant nije ipen Waadgebiet giet fierder

19 jul 2017 - 14:07

De Stichting Iepenwacht Fryslân sil de kommende trije jier 2300 ekstra iepen yn it Waadgebiet plantsje. Se dogge dat mei de Stichting Groninger Bomenwacht en lânskipsbehear Groningen.

It projekt om de ipen foar it Waadgebiet te behâlden rint al jierren en is in sukses. Mei de ferlinging derby wurde yn totaal 10.000 ipen plante. It Waadfûns makket it projekt finansjeel mooglik.

Trefwurden: 
ipen Waadgebiet Waadfûns
(Advertinsje)
(Advertinsje)