Saak-Vaatstra: 20 nije tips

29 maaie 2012 - 15:13
Marianne Vaatstra

De plysje hat de ôfrûne dagen tweintich nije tips binnenkrigen oer de moard op Marianne Vaatstra. Dêrmei komt it totaaltal op santich. De tips binne nei oanlieding fan de televyzje-útstjoering fan Peter R. de Vries, mear as in wike lyn. Dêryn waard ûnder oare in fjoeroanstekker toand dy't fan de moardner fan Marianne wêze kin. Hoefolle tips oft dêroer gean, wol de plysje net sizze.

By de redaksje fan Peter R. de Vries binne ek al 250 meldings binnenkaam oer de moardsaak dy't nei mear as trettjin jier noch altyd net oplost is.

Trefwurden: 
Vaatstra tips
(Advertinsje)
(Advertinsje)