Brân yn Harmsmaskoalle

29 maaie 2012 - 14:37

Yn de Boargemaster Harmsmaskoalle oan de Ringenoldusstrjitte op De Gordyk hat tiisdei brân west. De brânwacht hat de skoalle ûntromme. Sa'n 600 learlingen binne nei hûs ta stjoerd. It eksamen biology koe nettsjinsteande de brân gewoan trochgean. Alle learlingen kinne moarn wer gewoan nei skoalle.

Mei-inoar is der nei alle gedachten foar tûzenen euro's skea yn it technyk-lokaal. De brân úntstie yn it technyklokaal. De technyske resjerzje ûndersiket de saak. De plysje sil noch mei 3 learlingen prate dy't op it plak fan de brân wiene.

Trefwurden: 
brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)