Wurk Heak wer los

29 maaie 2012 - 14:34
Foto: Omrop Fryslân

It wurk oan de Heak fan Ljouwert is tiisdeitemoarn wer losgien. It waard ein maart stillein, omdat de fergunnings foar de floara- en faunawet net ynoarder wiene. It gie om beskerme bistesoarten lykas de modderkrûper en de bitterfoarn.

De Rie fan Steat joech it ministearje acht wike de tiid om de ûntheffing oan te passen. Dat is no dien. De sleatten dy't tichtsmiten wurde moatte, wurde earst leechfiske. De bisten wurde oerset nei in oare feart. Wat de finansjele gefolgen fan it opûnthâld binne. is net bekend.

De ferwachting is dat de dyk wol op 'e tiid klear is.

Trefwurden: 
Heak om Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)