Ron Jans nei België
Ron Jans is de nije trainer fan Standard Luik. Jans, dy't it ôfrûne seizoen mei Sportklup Hearrenfean Europeesk fuotbal helle, is yn Luik de opfolger fan José Riga. Dy stapte nei in konflikt mei de kluplieding op. Jans hat foar ien jier tekene yn België. Foar de twa seizoenen by Hearrenfean wie Jans acht jier lang trainer fan FC Grins.