Torny nije frouljuscoach

Jessica Torny (31) is it komende seizoen de nije trainer en haadcoach fan it frouljusteam fan SC Hearrenfean. De âld-international (75 ynterlâns) waard yn Grandcafe Paul Kruger op It Hearrenfean troch de Stichting Vrouwenvoetbal Heerenveen presintearre. Torny wurket op dit stuit as sersjant-sportynstrukteur by definsje. Se is ek assistint-trainer fan it Nederlânsk militêre team. Torny hat sels as spits spile by û.o. FFC Heike Reine, FC Twente en Willem II. Fan 1996 oant 2009 spile se foar Oranje.
Maarten de Jong wie de lêste wedstriden fan it seizoen trainer fan it frouljusteam. De Jong krijt gjin plak yn de nije technyske stêf, mar neffens Wim Anker fan it stiftingsbestjoer sille se der alles oan dwaan om him foar it frouljusteam te behâlden.