'Swimbad gau iepen'

29 maaie 2012 - 12:51

De gemeente Menameradiel en de eigeners fan rekreaasjepark Schatzenburg fine dat it swimbad yn Menaam feilich is en sagau mooglik iepen moat. Eksploitant Van Booma fynt fan net en salang't hy ferantwurdlik is, bliuwt it bad ticht. De partijen moatte der foar woansdei út wêze fan de rjochter. Tiisdeitemoarn wie der oerlis, mar sûnder Van Booma.

Nei wurk troch de gemeente binne liedings en kabels fernield. Dat is wol reparearre, mar net goed genôch, fynt útbater Van Booma. Hy fynt it net feilich om wetter yn it swimbad te pompen.

Ferline wike stiene gemeente en Schatzenburg BV foar de rjochter. Dy bepaalde dat de partijen foar woansdei in oplossing betocht hawwe moatte. Dy is der no, neffens de gemeente.

Trefwurden: 
Schatzenburg
(Advertinsje)
(Advertinsje)