Bylden yn Lauwersmargebiet

29 maaie 2012 - 12:45

Bylden makke troch Hein Mader binne fan woansdei ôf trije jier te sjen yn Nasjonaal Park Lauwersmar. Mader ferstoar ferline jier yn 'e âldens fan 86 jier. It wie in grutte winsk fan de keunstner om syn bylden sa út te stallen.

De byldhouwer fan Mantgum makke bylden fan stiel, stien en hout. Oan syn dea ta wie er op syk nei in lokaasje foar in permaninte tentoanstelling fan syn wurk. De stichting Broot hat it behear oernaam en it inisjatyf naam foar de útstalling yn it Lauwersmargebiet.

Trefwurden: 
Hein Mader
(Advertinsje)
(Advertinsje)