Wynmûnepark Iselmar falt min

29 maaie 2012 - 12:32

It plan foar in park fan likernôch hûndert wynmûnen yn de Iselmar falt min by ûndernimmers yn Makkum. Se binne benaud dat toeristen fuortbliuwe as se op de mûnen útsjogge.

De wynmûnen moatte tusken de 250 en 400 megawatt opsmite. Se kinne der yn 2014 al stean. Tiisdeitejûn is yn Makkum in ynformaasjegearkomste oer de wynmûnen. Deputearre Konst tinkt net dat it wynmûnepark ta koste giet fan it toerisme.

Trefwurden: 
Iselmar Makkum wynmûnepark
(Advertinsje)
(Advertinsje)