Ekstra jild foar Fryske Gea

29 maaie 2012 - 11:42
Bûtendyks lân yn Ferwerderadiel, hjir by Marrum - Foto: Omrop Fryslân

It Fryske Gea krijt nei alle gedachten miljoenen euro's ekstra. It foarige kabinet hat foar 700 miljoen besunige, mar yn it Maitiidsakkoart is dêr 200 miljoen euro fan weromdraaid. Grutte ynrjochtingsprojekten kinne no wol trochgean. Direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea seit dat de prioriteiten lizze by De Alde Feanen, Noardwest-Fryslân bûtendyks en it gebiet by it Keningsdjip yn Súdeast-Fryslân.

It is noch net dúdlik hoefolle oft It Fryske Gea krekt krijt. It jild moat noch ferdield wurde oer tolve lânskippen en Natuermonuminten.

Trefwurden: 
it Fryske Gea
(Advertinsje)
(Advertinsje)