Ferwûnings troch hynders

29 maaie 2012 - 11:32
Hynder - Foto: ANP XTRA

In famke fan 17 jier fan Havelterberg en in 20-jierrige frou út De Pol binne pinkstermoandei yn Noardwâlde ferwûne rekke by it hynsteriden. Yn in stik greide oan de Molenburen botsten harren hynders tsjin inoar oan. Beide froulju foelen op de grûn en rekken ferwûne. Se binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Op de Skoattermerke yn Aldskoat hat in Dútsk famke (5) in skop fan in hynder krigen. Mei ferwûnings is it slachtofferke per traumahelikopter oerbrocht nei it UMCG-sikehûs yn Grins. Se wie troch de skop út 'e tiid rekke.

Trefwurden: 
hynder Skoattermerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)