Populêrst by wettertoerist

29 maaie 2012 - 11:07
Wettersporters

Fryslân is foar wettersporters de populêrste provinsje om hinne te gean. Dat docht bliken út sifers fan ûnder oare it ING Economisch Bureau. Seelân hat de measte oernachtings. Benammen de Sieuske kust is populêr by toeristen, benammen by Dútsers.

Simmerdeis komme alle moannen hast 200.000 gasten nei Fryslân foar fakânsje. De Waadeilannen binne populêr. Nederlânske toeristen gean it leafst op fakânsje nei Gelderlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)