600 Alvestêdemotors bekeurd

29 maaie 2012 - 11:01

De plysje hat by de alvestêdetocht foar motorriders hast seishûndert boetes útdield. By Koufurderige waarden goed 400 bestjoerders op de bon slingere omdat se te hurd rieden. 80 kilometer is it maksimum, de rapste hie hast it dûbele op de teller. By Tsjerkgaast waarden goed 150 bekeurings útskreaun.

By in oare kontrôle waard it rydbewiis fan in motorrider ynnaam omdat er in wheely makke. Oare bestjoerders waarden bekeurd omdat se gjin helm op hiene of omdat se tefolle leven makken mei de motor.

(Advertinsje)
(Advertinsje)