Kollumerlân: tekoart oer 2011

29 maaie 2012 - 10:34
Gemeente Kollumerlân

De gemeente Kollumerlân hat 2011 ôfsluten mei in tekoart fan goed 4 miljoen euro. Dêrfan kin goed 3 miljoen fan de reserves ôfskreaun wurde. Dat betsjut dat it úteinlike resultaat hast ien miljoen euro negatyf wurden is.

It grutste ferlies hie Kollumerlân by de grûnfoarrieden. Dêr moast likernôch 3 miljoen op ôfboekt wurde. Fierders wiene der ekstra ferliezen op de sosjale wurkfoarsjenning en re-yntegraasje.

Trefwurden: 
jild tekoart
(Advertinsje)
(Advertinsje)