Sprekoere foar ekseem
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten begjint mei in spesjaal sprekoere foar minsken mei ekseem. In dermatologysk ferpleechkundige jout omtinken oan it behanneljen fan ekseem, mar ek oan de psycho-sosjale problemen dy't dêrby komme.
It sprekoere is ek bedoeld foar bern. Minsken mei psoriasis of in droege hûd kinne der ek terjochte.