Plysje-ynfallen yn Ljouwert

29 maaie 2012 - 10:07

De plysje hat by ynfallen op fiif adressen yn Ljouwert foar tûzenen euro's oan jild en pûdenfol mobyltsjes yn beslach naam. De ynfal wie by trije belwinkels, ûnder oare op de Foarstreek en de Tunen, en by twa wenten. Der wie in fermoeden dat dêr oan heling en it wytwaksjen fan jild dien wurdt. De winkels soene stellen guod lykas telefoans, iPads en tablets oanbean krige hawwe om troch te ferkeapjen.

In auto en in bromscooter binne ek yn beslach naam. Der binne gjin oanhâldings dien. Dat bart mooglik letter.

De mobyltsjes yn de plestik pûden wiene allegearre sûnder oplader en dat fûn de plysje fertocht.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)
(advertinsje)