'Provinsje moat Frysk betelje'

29 maaie 2012 - 10:00

De provinsje moat it kolleezjejild fan studinten Frysk betelje om dêrmei de stúzje te behâlden. Dat wol de steatefraksje fan Friese Koers. Neffens fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra is it in ramp as de stúdzje ferdwynt. Der binne te min studinten dy't foar it fak kieze en as se dat dogge, is it faak as in ekstra stúdzje. It kolleezjejild is dan sântûzen euro.

Friese Koers wol dat de provinsje alles besiket om de iennichste universitêre stúdzje Frysk te rêden. Dy wurdt jûn yn Grins.

Friese Koers wol dat de provinsje ûndersiket oft Fryslân de stúzje oanbiede kin.

(advertinsje)
(advertinsje)