127 fytsers stappe ôf

De fytsalvestêdetocht is moandei prima ferrûn. Foarsitter Stephan Rekker sprekt fan in bysûnder slagge dei. It oantal ûngelokken foel ta en der wiene mar 127 útfallers. Dat wie foaral te tankjen oan it moaie waar.
Ien fytser moast mei de traumahelikopter nei Grins, nei in falpartij yn Aldemardum. It foel úteinlik ta. Fierder wie der in oantal falpartijen wêrby't fytsers licht ferwûne rekken. De fytsalvestêdetocht bestiet dit jier hûndert jier.