PvdA wol reaharten sjen yn Drents-Friese Wold

19 jul 2017 - 13:26
Reahart (edelhert) - Foto: Wikepedia

PvdA-steatelid Hetty Janssen út Ljouwert fynt dat reaharten thúshearre yn it Drents-Friese Wold. De harten soenen geunstich wêze foar it toerisme en de ekonomy fan it nasjonaal park. De diskusje oer it talitten fan reaharten yn it gebiet rint al inkelde jierren. De stjoergroep fan it regionale lânskip hat op 22 juny besletten om foarearst gjin reaharten út te setten. Neffens harren soe der gjin draachflak foar de harten wêze, omdat de gefolgen op maatskiplik en ekonomysk terrein te grut wêze soenen.

In bewennersûndersyk lit sjen dat in grutte mearderheid fan de omwenners krekt posityf is oer de komst fan de reaharten. De PvdA fynt dat der sjoen wurde moat nei de winsk fan de bewenners.

(Advertinsje)
(Advertinsje)