Famylje Van der Veen net mear nei skoalle Damwâld

19 jul 2017 - 12:08

Mei de lêste skoaldei fan Antsje Kroes (mem is in Van der Veen) komt der nei 65 jier in ein oan twa generaasjes bern op de Dr. Botkeskoalle yn Damwâld. Antsje sit no yn groep 8 en sil nei de simmerfakânsje nei de middelbere skoalle. De iepenbiere skoalle yn Damwâld hat dan mear as 30 bern út de famylje yn de klasse hân.

It begûn allegear doe't Jabik en Jantsje van der Veen der net útkomme koene nei hokker skoalle har trettjin bern moasten. Doe hawwe se it âldste bern kieze litten. Dy kaam út by de, doe noch, steatsskoalle yn Ikkerwâld. Letter is de steatsskoalle de iepenbiere skoalle wurden. In juf fan de skoalle hat útrekkene dat der tiden wiene dat 20% fan de bern op de skoalle fan de famylje Van der Veen kaam. Woansdeitejûn hâldt de skoalle in feest foar alle famyljeleden fan Van der Veen.

Trefwurden: 
Damwâld skoalle
(advertinsje)
(advertinsje)