Gjin hegere solitêre wynmûne by Seisbierrum

19 jul 2017 - 11:58
Solitêre wynmûne - Foto: Omrop Fryslân, Margaretha Bijleveld

De gemeente Frjentsjerteradiel hoecht foar de famylje Nammensma-Offinga út Seisbierrum gjin útsûndering te meitsjen yn it wynmûnebelied. Dat hat de Ried fan Steat woansdei besletten. Mei de útspraak komt in ein oan in lange kwestje oer it ferfangen fan de tweintich jier âlde wynmûne op it hiem fan de famylje. Dy koe gjin goeie ferfanging fine foar de 62 meter hege mûne en hie frege oft der in 67 meter hege mûne foar yn it plak komme mocht.

Neffens de gemeente, dy't it leafst hielendal gjin solitêre mûnen yn it lânskip hat, mei in nije mûne net heger wêze as de âlde. No't in hegere mûne net mei, is it iennichste alternatyf in lytsere mûne fan 54 meter heech mei gigantyske wjukken. De famylje neamt dat sels in 'gedrocht'. De hegere mûne soe slanker wêze en better yn it lânskip passe.

Trefwurden: 
Ried fan Steat wynmûne
(advertinsje)
(advertinsje)