'Eurotop goed foar pensjoenen'

27 okt 2011 - 07:44
Jild - Foto: ANP XTRA

It akkoart op de Eurotop fan tongersdeitenacht is de minst pynlike oplossing foar de Nederlânske ekonomy en dêrmei goed foar de pensjoenen. Dat tinkt saakkundige Jorrit Volkers fan finansjeel tsjinstferliener Deloitte. Sûnder sa'n akkoart wiene de beurzen ynsakke en wiene mear pensjoenfûnsen yn need kaam, tinkt er. Om de maatregels út it akkoart te beteljen sil Nederlân wol fierder besunigje moatte, mar dat is neffens Volkers better as in noch gruttere eurokrisis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)