Folle mear drokte troch nije steger Starum

It is in stik drokker wurden mei 'cruiseskippen' yn Starum dit jier. Dat komt troch de oanlis fan in nije steger. De grutte skippen koene earder allinnich op it plak fan de fearboat oanlizze. Dêrtroch moasten se trije kear deis fan it plak ôf en dat wie gjin dwaan.
In nije steger yn de bûtenhaven fan it Iselmarstedsje hat dat probleem no oplost. Ferline jier kamen der 30 grutte passazjiersskippen del. No binne dat der al mear as 80 en it jier en de groei sit der noch altyd yn. It stedsje is der bliid mei want it smyt in soad gesellichheid en drokte op. Fansels helpt it ek de lokale ekonomy.