Strân Flylân hast wer paraffinefrij

© Rykswettersteat
It opromjen fan paraffine op it strân fan Flylân is hast klear. Rykswettersteat ferwachtet woansdei klear te wêzen mei it ferwiderjen fan de lêste paraffine. It guod is moandei fûn op it Noardseestrân fan it eilân. Sûnt tiisdei is Rykswettersteat dwaande mei it oprêden. Dat wurdt dien mei in help fan in saneamde 'beach cleaner'. Dat is in meganyske seef dy't it strân suveret fan stoffen dy't der net thús hearre.

De paraffine leit oer in ôfstân fan oardel kilometer op it strân tusken it terrein fan definsje en de strânoergang by de Fortwei. De paraffine is op himsels net skealik foar minsken of it miljeu, mar minsken en bisten kinne wol siik wurde as se it binnenkrije.