Brêge yn Baard stremd foar skipfeartferkear

19 jul 2017 - 10:54

De brêge oer de Boalserter Feart yn Baard leit der de kommende dagen út foar it skipfeartferkear. Neffens brêgewipper Kobus Prins is it plak dêr't de as en it kamrêd byinoar komme, ôfbrutsen. Doe't Prins de brêge tiisdeitemiddei betsjinje woe gie it mis.

Meiwurkers fan de provinsje hawwe it meganyk der woansdeitemoarn foar reparaasje úthelle. It sil trije oant fjouwer dagen duorje ear't it meganyk makke is. Der farre alle dagen tsientallen boatsjes troch de feart. Dy moatte no omfarre.

Trefwurden: 
Baard brêge
(Advertinsje)
(Advertinsje)