Flekspool Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel foar wurkleazen

19 jul 2017 - 10:43

De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel komme mei in flekspool om minsken mei in bystânsútkearing oan it wurk te helpen. Doel is om elts jier trije minsken as fleksibele meiwurker yn te setten yn it klantkontaktsintrum fan beide gemeenten.

It inisjatyf wurket neffens de gemeenten twa kanten op: de minsken kinne in jier lang wurkerfaring opdwaan en de gemeenten kinne yn drokke tiden de tsjinstferliening garandearje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)