Snitser frachtweinsjauffeur by Hengelo ferûngelokke

19 jul 2017 - 10:39
Foto: News United, Jack Huygens

In 71-jierrige frachtweinsjauffeur út Snits is tiisdeitemiddei om it libben kaam by in ûngelok op de A35 by Hengelo. De man rekke troch noch ûnbekende oarsaak mei syn frachtwein fan de sneldyk en botste tsjin de lûdswâl. De sjauffeur is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De sneldyk waard nei it ûngelok oerenlang ôfsletten, dêrtroch ûntstie in lange file.

Trefwurden: 
ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)