Ljouwerter sporthallen en swimbaden wurde smookfrij

19 jul 2017 - 10:32

De akkommodaasjes fan BV Sport yn Ljouwert krije fan 1 septimber ôf smookfrije sônes. It giet om de sportsintra Kealledykje, Rengers en it Gryn en de sporthallen De Twine, Julianaleane en Nijlân. De smookfrije sônes binne te werkennen oan opfallende buordsjes. Ek it terrein fan it haadkantoar fan BV Sport wurdt smookfrij.

De bûtensportakkommodaasjes wurde yn de rin fan 2018 sa njonkenlytsen smookfrij makke. Dit smookfrije belied past neffens de BV Sport by in sûne libbensstyl. Dêrby is gjin plak foar de kombinaasje fan smoken en sport.

Trefwurden: 
smookfrij BV Sport
(Advertinsje)
(Advertinsje)