Kollum: "KH18"

19 jul 2017 - 08:45

"Formalisten, dy’t altiten boppe driuwen komme yn komkommertiid, hiene it der fan 'e wike oer; en doe tocht ik: ja, dat is ek sa: ha wy hjir yn Fryslân wol EHBO-ers genôch om takom jier Kulturele Haadstêd te fieren. Wy ha ek al dy festivals. Gesellich foar EHBO-ers, muzyk, moaie froulju en bier. Mar dêr wol se ek al net mear hinne. Lit stean nei Kulturele Haadstêd. En mei al dy reuzen en dy hynders is it takom jier yn Fryslân wol tige gefaarlik. En seker ek as der no al traind wurdt troch jonkjes om alle spoarbomen del te heljen, sadat alle treinen stilstean bliuwe moatte by de kulturele hichtepunten. Ik kin it net oars sjen dat de oerheden en de organisaasje dizze hjerst in grutte manifestaasje op tou sette moatte om safolle mooglik EHBO-ers te krijen en dy fêst te lizzen foar takom jier. Mar hoefolle frijwilligers ha we dêr eins foar nedich. Realiseare we ús dat wol? Witte we dat wol? Gjin idee.

Logysk want Tjeerd van Bekkum, de nije lieder fan Kulturele Haadstêd, is moandei pas begûn. Hy hat it lykwols no al troch, hy sil in soad dwaan moatte oan merchandising. No ja, hy bedoelt te sizzen dat wy wat better witte moatte wat der allegear barre sil. Mar hy neamt dat merchandising, want dat is de terminology fan de kulturele haadstêd lju.

De media dy’t al tige ferbûn binne oan Kulturele Haadstêd binne wat foarsichtich yn de formulearringen. Mar fertaald is it sa dat de polityk it gehiel no wer oernaam hat. Om't de yn 2014 yn it libben roppen organisaasje der nei bûten ta hielendal neat fan makke hat. Mar kin de polityk no noch wol, wat dy organisaasje lizze litten hat. Ik ha myn twivels, ek al foarsichtich. Mar, foarbyldsje, fan 'e wike waard dúdlik dat de kaartferkeap fan al dy hoopje we skitterjende projekten hiel ûndúdlik wurdt, om't se net alles yn ien ynternetbedriuw oanpakke kinne. En in dei letter bromt in Snitser wethâlder dan al op twitter: no wy ha in bedriuw hjir wat dat wol kinnen hie. It ynteressearret my net wa’t gelyk hat. Beide tink. Mar it getsier en gekift is sa typysk polityk en dat sil alle gong út de organisaasje helje, foar safier dat der noch yn siet.

En wat dus it meast de mist yngiet as de polityk, oerheden, har der op sa’n wize mei dwaande hâlde, dat bin de sinten. FrieslandCampina stekt syn jild yn in de sport seine se fan 'e wike. Ja de berjochten kamen út Frankryk, dus se hienen it inkeld oer de hurdfytsploech fan Lotto Jumbo. Mar FrieslandCampina hat, sûnder it merk Campina, in ryk ferline yn it reedriden. En dus wol miskien mear belang yn Sven Kramer as yn Robert Gesink. Mar sa’n bedriuw, Frysk yn ieren en sinen, hie fansels foarop rinne moatten yn Kulturele Haadstêd wêr’t se midden yn sitte. Se ha der alle belang by Fryslân mei al syn kij sjen te litten oan Europa, dêrmei oanjaand dat se foaroan rinne yn de ferwurking wat der út dy kij komt (CO2 en molke). Oan de oare kant jild jaan oan in hynderfeestje stiet ek wol wat raar. Spitich. En it is mar ien foarbyldsje fan jild wat oan de kulturele noazen foarby giet. En Van Bekkum wit ek wol dat der ek mear jild yn it laadsje komme moat.

Fan it begjin ôf ha ’k somber west oer KH18. De fermiende mienskip bestiet nammentlik noch net. Mar ik mei net somber bliuwe, sels no net mear. Ik sil yn de hjerst in tal Europeeske grutte stêden bylâns. Moat ik dêr sizze dat se net komme moatte, dat it neat wurdt? Ik skamje my dea. We sil der mei ús allen finansjeel en kreatyf mei oan ‘e slach moatte om der noch wat fan te meitsjen. Juster waarden ynienen in stik as wat út de mienskip kommen foarstellingen derby oanplakt. Mar Fryslân moat him sjen litte as in mienskip dy’t oeral útkomme kin, sels út dizze sitewaasje. En dat we net in mienskip binne dy’t no langút laitsjend yn de stoel sitten giet. Mar we ha net safolle tiid mear oer."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)