Ried Smellingerlân: ''Gjin ekstra jild nei De Lawei''

18 jul 2017 - 22:47
  • It wie waarm en fol yn de riedseal fan Smellingerlân
  • Fraksjefoarsitter Yntze de Vries fan de ELP
  • Fraksjefoarsitter Pieter van der Zwan fan de ChristenUnie
  • Waarnimmend boargemaster Tom van Mourik
  • Beharkje ús ferslach fan it spoeddebat oer De lawei

Der giet gjin ekstra jild mear nei skouboarch De Lawei yn Drachten. As de skouboarch dochs yn heger berop gean wol tsjin de útspraak fan de Ried fan arbitraazje, dan is dat foar eigen risiko. Dat wie tiisdeitejûn de útkomst fan it spoeddebat yn de ried fan de gemeente Smellingerlân. De moasje wie in inisjatyf fan alle opposysjepartijen, mar waard ek stipe troch de kolleezjepartijen. De kolleezjepartijen PvdA, D66, ChristenUnie en de SP stypje dêrnjonken ek it foarstel foar in riedsûndersyk, nei wat der krekt misgien is by de ferbouwing fan De Lawei.

De skouboarch ferlear koartlyn de arbitraazjesaak fan boubedriuw Van Norel út Epe. Dat kostet de gemeente op syn minst 4,5 miljoen euro. De skea berint al 70 oant 100 euro foar eltse ynwenner fan de gemeente, sa rekkenen ferskate krityske riedsleden it kolleezje foar. De ferlerne saak wie ferline wike foar wethâlder Marja Krans (ChristenUnie) reden om har ûntslach yn te tsjinjen. De ChristenUnie bliuwt wol yn it kolleezje, sa waard juster dúdlik, mar de partij nimt de tiid om mei in nije kandidaat-wethâlder te kommen, sei fraksjefoarsitter Pieter van der Zwan.

De ekstra gearkomste op fersyk fan de Eerste Lokale Partij ELP wie fuortendaliks ek de fjoerdoop foar de nije waarnimmend boargemaster Tom van Mourik. Dy hie it nei ôfrin oer in 'konstruktive gearkomste'. Van Mourik neamde de twa ienriedich oannommen moasjes 'in goed teken'. Der waard wol pittich debattearre tusken foaral opposysje en kolleezjepartijen oer wat der mis gien is by De Lawei. Wethâlder Roel Haverkort slagge der dêrby net altyd yn om antwurd te jaan op de krityske fragen fan ferskate riedsleden, sa joech er ek sels ta.

(advertinsje)