Sherida Spitse: "We voelen geen druk, we gaan ervoor"

18 jul 2017 - 21:52

De Nederlânske fuotbalfroulju binne goed begûn oan it Europeesk kampioenskip, dat yn Nederlân spile wurdt. Ofrûne snein waard de iepeningswedstriid mei 1-0 wûn fan toplân Noarwegen. Ien fan de fêste wearden yn it alvetal is de 27-jierrige Sherida Spitse fan Snits. Sy is bliid dat it toernoai los is: "Lekker dat het eindelijk is begonnen en dat je het afsluit met drie punten, dat is wel heerlijk". Se hie nea betinke kinnen dat der 2.1 miljoen minsken foar de telefyzje sitte soene, noch mear as dat der nei de finale fan Champions League seagen.

Druk? Wat is dat?

De Oranjeliuwinnen hawwe gjin lêst fan druk, sa seit Spitse. "We hebben heel veel vertrouwen in elkaar en in de ploeg als geheel". Neffens har kin it team hiel fier komme, se hawwe in soad kwaliteiten en wolle elkoar oan alle einen en kanten helpe.

Denemarken en België

Tongersdei spylje de Oranje liuwinnen yn Rotterdam om 20.45 oere de twadde wedstriid fan de pûl tsjin Denemarken en kommende moandei is de tredde pûlwedstriid tsjin België, dan spylje se yn Tilburg.

(Advertinsje)
(Advertinsje)