Donkerbroek wol skoallen en mfs yn ien gebou

18 jul 2017 - 21:41
De brêge yn it sintrum fan Donkerbroek - Foto: H.P. Burger, Wikimedia Commons

Donkerbroek wol in nij multyfunksjoneel sintrum kombinearje mei de bou fan in nije skoalle. Doarpsbelang Donkerbroek hat dêr tiisdeitejûn yn de ried hertstochtlik foar pleite. Se diene dat ek út namme fan de meisizzenskipsrieden fan beide basisskoallen. De skoallen sille fusearje en it doarp fielt der neat foar om ien fan beide skoalgebouwen te ferbouwen. Leaver wolle se dat elkenien in nije start yn in nij gebou makket.

En omdat der al langer de winsk bestiet foar in multyfunksjoneel sintrum, is it neffens it doarp no de kâns om trije miggen yn ien klap te slaan. De ried moat noch te set oer de plannen, wannear't der dúdlikheid oer komt is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)