SC Hearrenfean wint oefenpot fan FC Volendam mei 3-1

18 jul 2017 - 21:08
Yuki Kobayashi makke de iepeningstreffer (argyffoto) - Foto: www.awfoto.nl

SC Hearrenfean hat tiisdeitejûn yn Wytmarsum de oefenwedstriid tsjin FC Volendam mei 3-1 wûn. De bêste kânsen wiene it earste kertier foar de Volendammers, mar it wie Kobayashi dy't yn de 16e minút de Feansters op foarsprong sette. Hearrenfean hie dêrnei it bettere fan it spul, mar krige yn de 35e minút toch de lykmakker om de earen. De bal like oer de achterline west te hawwen, mar hy waard toch goedkard. Yn de twadde helte skoarde Stijn Schaars yn de 60e minút út in foarset fan Reza en fuort dêrnei skoarde Reza sels op oanjaan fan Ødegaard de 3-1. Volendam besocht it noch wol, mar mei tank oan de prima keepende Wouter van der Steen, bleau it 3-1. Kommende sneon spilet Hearrenfean op de Feandei om 4 oere tsjin Genclerbirligi út Ankara.

Opfallende ôfwêzige by SC Hearrenfean wie Sam Larsson. Hy soe moandei wegere hawwe diel te nimmen oan in fotomomint. Trainer Jurgen Streppel hat Larsson dêrom fersocht thús te bliuwen. ''Dat kan ik niet accepteren. Dat zijn niet de normen en waarden van Heerenveen'', neffens Streppel. Der folget noch in sanksje of boete tsjin Larsson.

Opstelling SC Hearrenfean:
Van der Steen, Schmidt, Høegh (78. Van Amersfoort), Van Aken (45. Pierie), Cavlan, Schaars, Kobayashi (78. Vlap), Thorsby, Ødegaard, Veerman (45. Reza) en Zeneli (45. Johnsen).

(Advertinsje)
(Advertinsje)