Ellen Bruins Slot folget wethâlder Houkje Rypstra op

Ellen Bruins Slot sil Houkje Rypstra opfolgje as wethâlder © PvdA Tytsjerksteradiel
De PvdA yn Tytsjerksteradiel hat Ellen Bruins Slot unanym foardroegen as de nije wethâlder. Sy sil Houkje Rypstra opfolgje, dy't per 1 septimber direkteur wurdt van de Vereniging Circulair Friesland. Bruins Slot is berne yn de Saanstreek en wennet al 20 jier yn Fryslân. Se is sûnt maaie 2009 fraksjefoarsitter fan de de PvdA.