Mei in kroade oer it Waad om 'Wâldgieltsjes' út te suteljen

19 jul 2017 - 06:45

Tiemen Kuipers fan ierappelgruthannel Greydanus op It Hearrenfean stiet foar in bysûndere missy. Hy bringt woansdeitemoarn in kroade fol mei de earste risping Wâldgieltsjes nei It Amelân. De delikatesse-ierappels binne foar de âldste grienteboer op it Waadeilân, Klaas Jan Engels yn Hollum. Alle jierren organisearret de gruthannel in bysûndere aksje om de 'nije Wâldgieltsjes' te ferfieren, en dizze kear wurdt der in tocht nei It Amelân makke.

Kuipers set woansdeitemiddei om 13.15 oere útein yn Peazens-Moddergat. Hy ferwachtet woansdeitejûn oan te kommen yn Nes op It Amelân. Oft de ierappel drûch oerkomt is noch mar de fraach. Dat hinget fan de hichte fan it wetter ôf. Kuipers is optimistysk oer syn aventoer: "Drûge of wiete Wâldgieltsjes, ik sil se ôfleverje op It Amelân!"

Tongersdeitemoarn krijt grienteboer Klaas Jan Engels it kistke Wâldgieltsjes oanbean by Coop Bakker yn Hollum. Dêrnei folget der in priuwerij fan de ierappels foar it publyk.

Trefwurden: 
Wâldgieltsje Waad It Amelân
(Advertinsje)
(Advertinsje)