'Kening fan de Greide' wint Anita Andriesen Priis

18 jul 2017 - 19:55
De priisútrikking op it provinsjehûs - Foto: Provinsje Fryslân

De Anita Andriesen priis giet dit jier nei it boargerinisjatyf Kening fan de Greide. Deputearre Klaas Kielstra mocht tiisdeitejûn de priis foar romtlike kwaliteit op it provinsjehûs útrikke. Neffens de sjuery fynt der troch Kening fan de Greide in iepen diskusje plak oer de takomst fan it Fryske plattelân. Se fine it bysûnder knap dat it inisjatyf in soad minsken út ferskate dissiplines mei-inoar ferbûn hat.

De Anita Andriesen priis is bedoeld om de ûntwikkeling fan de romtlike kwaliteit yn Fryslân in ympuls te jaan. De winner kriget in priis fan 10.000 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)