NHL wint it WK Solarboat yn Monako

18 jul 2017 - 19:21
De sinneboat fan Clafis Victron Energy Solar Boat Team stoot oer it wetter - Foto: Screenshot YouTube

In team studinten fan hegeskoalle NHL hat ôfrûne wykein yn Monako it WK Solarboat op syn namme skreaun. Dat is it wrâldkampioenskip foar boaten dy't farre op sinne-enerzjy. Yn de A-klasse wienen de Ljouwerters op it wetter tusken Monako en it Frânske Nice it fluchst. Yn totaal dienen der 21 teams mei oan de wedstriid, ôfkomstich út sân ferskillende lannen. Foar it team fan de NHL wie it de earste kear dat se yn it foarstedom fan de partij wienen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)