Partijen om de tafel oer festivals yn Griene Stjer

18 jul 2017 - 18:21

De aksjegroep Groene Ster Duurzaam, de gemeente Ljouwert en de organisaasje fan Welcome to the Village stappe net mear nei de rjochter en wolle der mei-inoar útkomme. Dat die tiisdeitemiddei bliken by it koart pleit oer it festival dat dit wykein by Ljouwert hâlden wurdt. De rjochter yn de saak koe it festival dit jier net ferbiede, mar hat syn nocht fan de konfliktsituaasje. Hy frege de partijen der mei-inoar út te kommen, oars bestiet de kâns dat it festival fan 2018 ôf net mear hâlden wurde kin.

Foar de safolste kear bûgde de rjochter him tiisdei oer de fraach oft it Griene Stjergebiet by Ljouwert wol geskikt is as festivalterrein. Sa wurdt der al in skoft klage oer de neidielen foar de natuer by de Griene Stjer, mar bygelyks ek oer de oerlêst foar omwenners en de drokte foar it ferkear.

Kommend wykein is de fiifde edysje fan Welcome to the Village.

(Advertinsje)
(Advertinsje)