Hurdfarren op de Burgumer Mar miskien wer mooglik

18 jul 2017 - 17:50

It hurdfarren op de Burgumer Mar wurdt miskien wer mooglik. Hurdfarre en wetterskye is al sûnt 2003 ferbean op dizze mar, mar in groep wettersporters en ûndernimmers yn Tytsjerksteradiel hat de gemeente en de provinsje frege om dat wer ta te stean.

Underbouwing

Deputearre Steaten binne yn prinsipe wol ree om hjiroan mei te wurkjen, mar wolle graach dat de gemeente Tytsjerksteradiel it plan fierder ûnderbout yn oerlis mei foar- en tsjinstanners fan it hurdfarren. De provinsje wol graach wite om watfoar aktiviteiten it krekt giet en ek om welk stik fan de Burgumer Mar. De provinsje jout de gemeente ek it advys om mei in brede wettersportfyzje foar de hiele gemeente te kommen, dêr't yn oanjûn wurdt wêr't krekt romte is foar hurdfarren en funsports.

As dy ûnderbouwing der foar 1 oktober leit kinne Provinsjale Steaten begjin takom jier in beslút nimme. Yn dat gefal kin nei it briedseizoen fan 2018 it hurdfarren wer tastien wurde op de Burgumer Mar. It giet de inisjatyfnimmers benammen om de saneamde 'waterfunsports'.

Trefwurden: 
hurdfarren Burgumer Mar
(Advertinsje)
(Advertinsje)