Earste Dichter fan Fryslân wurdt kommende hjerst beneamd

18 jul 2017 - 17:10

De provinsje beneamt de kommende hjerst foar it earst in Dichter fan Fryslân. Dy Dichter fan Fryslân wurdt oansteld foar twa jier mei de opdracht om alle jierren seis oant tsien gedichten yn it jier te skriuwen by in selskeazen gelegenheid of aktueel barren.

De provinsje wol troch it beneamen fan in Dichter fan Fryslân de poëzy ûnder de oandacht bringe fan in grutter publyk. Gadingmakkers kinne har oant en mei 10 septimber oanmelde op de webside www.dichterfanfryslan.nl. De dichter krijt in fêste fergoeding fan 2.500 euro yn it jier en dêrnjonken 250 euro foar elk gedicht.

In sjuery fan trije minsken beslút wa't de earste Dichter fan Fryslân wurdt. Yn dy sjuery sitte Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier. Deputearre Sietske Poepjes sil de earste Dichter fan Fryslân bekend meitsje op freed 24 novimber.

Trefwurden: 
Dichter fan Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)