Nyck de Vries debutearret mooglik yn DTM-kampioenskip

© ANP
Autokoereur Nyck de Vries fan Snits makket dit wykein yn Moskou mooglik syn racedebút yn de prestizjeuze DTM, de Deutsche Tourenwagen-Masters. Dat is yn Europa it wichtichste racekampioenskip foar saneamde touringcars. De Vries sil nei alle gedachten koereur Mike Rockenfeller ferfange by it team fan Audi. De Dútser hat noch hieltyd lêst fan de gefolgen fan in swiere crash earder dizze moanne.
Nyck de Vries rydt dit seizoen yn de Formule 2 en behelle ôfrûne wykein nei in ynhelrace in moaie sânde posysje op it sirkwy fan Silverstone. Dit wykein wurde der gjin Formule 2-wedstriden ferriden, dêrom komt in útstapke yn it DTM-kampioenskip foar De Vries net ferkeard út.