FIDEO: Brânwacht rêdt ree út driuwsân op De Jouwer

18 jul 2017 - 16:25

De brânwacht hat tiisdeitemoarn in ree rêden út it slibdepot oan de Tramwei op De Jouwer . It bist wie fuortsakke yn it driuwsân en koe der net mear útkomme. Mei help fan planken en touwen, slagge de brânwacht der nei trije kertier yn de ree te befrijen. Dêrnei waard it bist skjinspuite en oan de oare kant fan de dyk wer frijlitten.

Trefwurden: 
ree brânwacht De Jouwer
(Advertinsje)
(Advertinsje)