FIDEO: Frysk feest yn Elst by Nijmeegse Vierdaagse

Tine Wiersma fan Aldebiltsyl wennet al 13 jier yn it Gelderske Elst. Alle jierren komme de rinners fan de Nijmeegse Fjouwerdaagse by har foar de doar del. As Fries om utens hinget se de Fryske flagge út, om sa op te fallen by de Fryske rinners. En it wurket, want in fêste groep Friezen stekt elk jier even by frou Wiersma oan. Mar se hat de doar ek iepen foar net-Friezen.
Der rinne dit jier 753 Friezen mei, net bekend is oft dy allegear ek by Tine Wiersma oanstekke...... Henk Kroes fan Boazum yn elk gefal wol.