Kwadrantgroep besiket wurkdruk personiel te ferleegjen

18 jul 2017 - 16:00

Soarchorganisaasje Kwadrantgroep sil him der foar ynsette om de wurkdruk by it personiel te ferminderjen. Dat seit de organisaasje yn reaksje op de petysje dy't wurknimmers tiisdeitemiddei oanbean ha oan de Ried fan Bestjoer. Se wolle minder druk en mear wurdearring foar wat se dogge.

Neffens de Kwadrantgroep binne de easken bepraat mei it personiel en it fakbûn. Der binne ôfspraken makke oer hoe't se der mei elkoar mei oan de slach sille. Oer in pear wiken sille se wer om de tafel, om te sjen oft der wat ferbettere is.

Trefwurden: 
wurkdruk Kwadrantgroep soarch
(Advertinsje)
(Advertinsje)