Alde Parnasgebouwen wurde hotelkeamers

18 jul 2017 - 15:30
De gebouwen fan Parnas wurde omboud ta hotel

Fletcher Hotels keapet de gebouwen oan it Hofplein yn Ljouwert dêr't it eardere keunstesintrum Parnas yn sitten hat. Fletcher is ek eigener fan hotel it Stadhouderlijk Hof en kin dat no útwreidzje. Yn de gebouwen fan Parnas komme hotelkeamers.

De gemeente is bliid mei de deal. No't Fletcher op dizze manier útwreidzje kin, hoecht der oan it monumintale Stadhouderlijk Hof neat te feroarjen. Dat betsjut dat it Hofplein syn alluere werom kriget, seit de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)